Hoe komme jo der op...

Geert Hager, Douwe Wobbes en Brugt Vries, hja kinne mekoar fan froeger en hjoed de dei belutsen by de nijjiersrevu fan Koatstertille.

Mar Geert skreau sa’n protte ferskes dy ‘t Brugt dan op muzyk sette dat hja it skande fûnen om dat lizze te litten. Mei Douwe as tenor is sa it idee ûntstien om mei har trijen GeDoBr op te setten en dêr wolle hja jimme graach dielgenoat fan meitsje.

Yn harren programma giet it oer de earste leafde, oer it kafee fan reade Kei en troch de melkstâl sjongend en pratend nei Eastermar. By wat âldere minsken lâns, fierder mei auto’s, mear leafde mar ek in ûngelok en in oertinking dêrfan. Dan de fuotbalsupporters, fiskje yn de Leyen, leafde by de Leyen en dan úteinlik der mei op hâlde yn de Wâlden.

Koartom: Fan ‘t iene nei ‘t oare, fan kolder nei emoasje, mar allegear mei wurk fan eigen hân.
Nei hûs...